Watersportcamping Heeg
Nederlands Frysk English
Links Nieuws Faciliteitenoverzicht Locaties Home
Watersportcamping Heeg
Welkom
Faciliteiten
Informatie aanvragen
Brochure
Contact

Watersportcamping Heeg
de Burd 25a
8621 JX Heeg
T: 0515 - 44 23 28
F: 0515 - 44 27 39
E: wch@watersportcampingheeg.nl
I: www.watersportcampingheeg.nl

Heevh

"Wettersportkamping Heech" is in noflike kamping mei prima sanitêr en in eigen jachthaven mei in 80 lisplakken foar boaten. Troch de unike lizzing oan in "privee -marke" mei in iepen ferbining mei de Hegemermar, is dizze kamping tige geskikt foar de echte wettersportleafhawwer.

Deunbij leit it wettersportdoarp Heech. Mar in 10 minuten rinnen en jo binne yn it sintrum fan dit sfearfolle doarp, wêr't je oerdei goed winkelje kinne en jûns noflik útgean.

Bine Jo in entûsjast siler? Dan hat "Wettersportkamping Heech" Jo in soad te bieden. Efkes oan 'e steigers de boat optuge en... farre mar! De wiidweidige poelen jouwe oerenlang ferdivedaasje mei it silen. Boppedat, de Hegemermar leit deunbij. Dit sintraal lizzende wetter is it ideale begjinpunt foar in deitocht nei allegear Fryske doarpen en stêden, elts mei eigen sfear en karakter.

Planksilers sille har op"Wettersportkamping Heech" gjin dei ferfele. Mei in apart strân foar de planksilers en it goede wetter foar planksilen deromhinne, is dit in gaadlik plak foar de begjinnende planksilers. De betûfte planksiler kin him hielendal jaan op de Hegemermar.

Ek de leafhabbers fan fiskjen binne op dizze kamping teplak. Sitte op ien fan 'e fjouwer steigers en Jo kinne prachtich fiskje. Ha Jo leaver de stilte fan it Fryske lân ? dan nimme Jo in roeiboat. Tsien minuten roeien en Jo binne op 'e Rintsjepoel wêr't jo yn in oaze fan rest hielendal allinne binne mei jo angeltsje.

Foaral foar húshâldingen mei bern is "Wettersportkamping Heech" in tige goed fakânsje-adres. Troch it beskerme lizzen oan in "privee -marke" (gjin trochfeart fan plezier - en beropsfeart) kinne de bern der sûnder oerlest sile en planksile. Boppedat is der foar de âlderlytsten neist it in boartersplak ek in bernestrân dat it plak is foar in soad bernefertier.

Waterkant
Stacaravan
Luchtfoto

copyright friesland campings - webdesign holidaymedia.nl