
Rekreaasjepark en wettersportsintrum De Kuilart leit midden yn in tige moai en in ferskaat oan lânskip mei wetter, bosk en greide, yn it nasjonaal park de Súdwesthoeke fan Fryslân. It park leit direkt oan it grutste marregebiet fan Fryslân, de Fluezen/Hegemermar, seis kilometer fan 'e Gaasterlânske bosken en seis kilometer fan de Iselmar bij Starum. Sân fan de Fryske âlfstedden lizze as in pearelsnoer om de Kuilart hinne.
De Kuilart is in fiifstjerren -rekreaasjepark en beneamd as "Superplätz " troch de ADAC, ien fan de tsien dy't er yn ús lân binne. De akkomodaasje is earste klasse, mei in soad foarsjenningen sadat Jo josels en ek jo bern har tige goed fermeitsje kinne op it park. Foar alles is de Kuilart in wettersportparadys foar betûften en foar begjinners, foar jong en âld, foar man en frou . En... de omjouwing is in plaatsje.
Foar Jo fakânsje, foar in part fan it seizoen ,foar in hiel seizoen as in hiel jier: De mooglikheden binne foar it útsykjen! Jo kinne gebrûk meitsje fan alle fasiliteiten dy't it park te bieden hat û.o it rekreaasjeteam, it subtropyske swimbad , de bowlingbanen en de sauna. In pracht omjouwing om te fytsen, te kuierjen, te fiskjen, te silen en te farren. Koartsein rekreaasje fan de boppeste boardsje.
Wij hoopje Jo no as letter te begroetsje as ús gast op De Kuilart



